UPDATE: Brân by ôffalferwurkingsbedriuw Harns ûnder kontrôle

21 sep 2016 - 19:02

De brân by ôffalferwurkingsbedriuw Visser ATR oan de Kelvinstrjitte yn Harns is ûnder kontrôle. Dat meldt de brânwacht. De brân soarge woansdeitejûn foar in protte reek. De gemeente Harns ropt ynwenners op om doarren en ruten ticht te hâlden yn ferbân met de reek. Ek wurde omstanners oproppen de helptsjinsten de romte te jaan om harren wurk te dwaan.

Fanwegen de reekûntwikkeling docht de brânwacht mjittings yn de omjouwing fan de Kelvinstrjitte. Meiwurkers fan Visser skowe mei shovels it ôffal útelkoar sadat it blust wurde kin.

It begjin

De bûtenbrân bruts om 18.45 oere hinne út. De brânwacht skaalde al gau op nei 'grutte brân' en is mei meardere korpsen oanwêzich.

It is noch net wis hoe't de brân ûntstien is. Boargemaster Roel Sluiter fan Harns is fanwegen de fûle brân oanwêzich by Visser ATR. Hy sil woansdeitejûn net nei de riedsgearkomste fan de gemeente Harns.

Net de earste kear

Yn oktober 2010 en jannewaris 2011 bruts der ek brân út by Visser. Doe wie der foar tonnen skea. Visser ATR sammelet, ferwurket en recyclet ôffal.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)