Superkompjûter bringt Friezen yn byld

21 sep 2016 - 18:53

Der wurdt wurke oan de komst fan in sintrum dêr't data fan Friezen op grutte skaal mei help fan in superkompjûter analysearre wurdt.

It plan foar sa'n grut data-laboratoarium is woansdeitemiddei yn Ljouwert bekend makke troch dekaan Jouke de Vries fan de Kampus Fryslân by de iepening fan it akademysk jier. Nêst de Kampus Fryslân binne de gemeente Ljouwert, de provinsje en hegeskoalle NHL belutsen by it plan.

Belied meitsje en gedrach foarsizze

Troch in hiel soad gegevens tsjin it ljocht te hâlden, wurde patroanen sichtber dy't bygelyks brûkber binne om belied te meitsjen of om it gedrach fan minsken te foarsizzen. It is de bedoeling dat yn totaal fyftjin ûnderwiisynstellingen de kâns krije om hjir oan mei te dwaan. Trochdat in soad minsken hjoed-de-dei in smartphone brûke binne der in soad gegevens bekend.

Privacy

Konkreet sil der wis data analysearre wurde fan wetterynstitút Wetsus, de Dairy Campus en Kulturele Haadstêd. Mar it is ek foarstelber dat grutte fersekerders of de plysje hjir wat mei kinne. Der moat wol goed sjoen wurde hoe fier je dêr mei gean moatte, want de privacy fan minsken moat net skeind wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)