Fryslân krijt mooglik iisskulptuerefestival yn 2018

21 sep 2016 - 16:51

Fryslân krijt mooglik in iisskulptuerefestival. Deputearre Steaten hawwe opdracht jûn hjir in helberheidsûndersyk nei te dwaan. Se wolle ynsjoch krije yn it tal potinsjele besikers fan sa'n festival, in mooglike lokaasje en de partisipaasje fan it bedriuwslibben.

It iisskulptuerefestival soe yn 2018 organisearre wurde moatte by Ljouwert Kulturele Haadstêd. In tal Sineeske susterstêden hat it inisjatyf naam foar in iisskulptuerefestival yn Fryslân. Sy hawwe in protte ûnderfining mei it organisearjen fan sokke festivals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)