Fryske Paralympiërs binne keninklik ûnderskieden

21 sep 2016 - 16:34

De gouden medaljewinners fan de Paralympyske Spelen binne woansdeitemiddei keninklik ûnderskieden. Alyda Norbruis, Liesette Bruinsma en Tristan Bangma binne no ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Steatssekretaris Martin van Rijn fan sport spjelde de fersiersels op yn de Grutte Tsjerke yn Den Haag.

Minister-presidint Mark Rutte soe der ek by wêze, mar moast op it lêste momint ôfsizze fanwegen de algemiene beskôgingen yn de Twadde Keamer. Hy hat de atleten útnûge in oare kear del te kommen op it Catshuis.

Nei ôfrin fan de huldiging yn Den Haag wurde de paralympiërs troch kening Willem-Alexander ûntfongen op paleis Noordeinde. Ek de kommende dagen sille drok wêze. De measte sporters wurde ek noch huldige yn har eigen wenplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)