Yn Frysk kraanwetter sitte gjin skealike stoffen

21 sep 2016 - 16:16

Yn it drinkwetter yn Fryslân sit gjin Bifenol A. Ynwenners fan Fryslân hoege dan ek net benaud te wêzen dat har fruchtberheid dêrtroch oantaast wurdt. Dat seit wurdfierder Sebastien Kraaijeveld fan drinkwetterbedriuw Vitens.

Hy reagearret dêrmei op berjochten hjoed nei oanlieding fan in kongres yn Rotterdam. Dêr wurdt praat oer pestisiden lykas Bifenol A yn drinkwetter as ferklearring foar de ôfname fan de fruchtberens fan manlju yn Europa. Mar by Vitens kin de stof net yn it wetter foarkomme, sa seit Kraaijeveld.

Grûnwetter yn Fryslân

Hjir wurdt grûnwetter oppompt dat 10.000 jier âld is. Boppedat wurdt it ek skerp yn de gaten halden.

Oerflaktewetter

Op guon oare plakken yn Nederlân wurdt oerflaktewetter brûkt as boarne foar liedingwetter. Dêr kinne wol pestisiden ynsitte dy't skealik binne foar de kwaliteit fan it sied fan manlju. "Vitens gebruikt geen oppervlaktewater as bron voor kraanwater, alleen grondwater. Dus voor ons is het sowieso een heel ander verhaal", seit Kraaijeveld.

Vitens is wol op de hichte fan de skea dy't de pestisiden hawwe kinne foar de fruchtberens. Dêrom mjit it bedriuw geregeld oft dy stofkes ek yn it Fryske grûnwetter sitte. Dat bart yn in laboratoarium yn Ljouwert. Ut al dy tests docht dus bliken dat der gjin ferkearde stoffen ynsitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)