Britten en Skylgers ha spul om skipswrak út 1916

Yn Grut-Brittannië binne se lulk op it Skylger bergingsbedriuw Friendship Offshore. Neffens de Ingelsen ha Skylger dûkers ûnderdielen stellen fan it oarlochsskip Queen Mary, dat yn 1916 sonk foar de kust fan it Deenske Jutlân.
De bergers ha de ôfrûne jierren âlde metalen út it wrak helle en soenen dat foar eigen gewin dien ha. Soks falt net goed by de Britten. Dy fine dat se it wrak gewurde litte moatte. De 1266 bemanningsleden ha dêr har grêf fûn, dat no dus skeind is.
Ek neffens de Nederlânske wet is plonderjen strafber om’t it fersteuren fan in skipswrak as ekonomysk delikt jildt.
Slach
De slach by Jutlân wie de grutste seeslach fan de Earste Wrâldoarloch. De twa dagen duorjende striid koste oan sawat 9.000 Dútsers en Britten it libben. De Queen Mary is ien fan de 25 marineskippen dy't sonken is.
Yn Fryslân Hjoed fertelt Timo Jepkema wat er op Skylge útfûn hat oer de kwestje. Yn de studio sit Björn Sloos, foarsitter fan de stichting Maritiem Onderzoek, en fanatyk dûker.