Fakânsjehúskes yn Frankryk populêr by Friezen

21 sep 2016 - 15:29

As Friezen in fakânsjehûs hiere yn it bûtenlân, dogge se dat it leafst yn Frankryk. Op nûmer twa stiet Italië, dêrnei folgje Dútslân, Spanje en Eastenryk. Dat docht bliken út sifers fan Casamundo, in online fakânsjehuzespesjalist. It fjirde plak fan Spanje is wol opfallend, ferline jier stie Kroäsië noch op dat plak.

De nûmer ien posysje fan Frankryk is net in ferrassing. Ferline jier wie dat ek al sa. Ek lanlik is Frankryk populêr. Under Friezen is yn Frankryk de Provence de meast populêre bestimming.

Yn Italië geane de Friezen it meast nei Toscane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)