Wrâld-Alzheimerdei: de krêft fan muzyk

21 sep 2016 - 14:55

Op Wrâld-Alzheimerdei, dat is it hjoed 21 septimber, is rom omtinken foar dizze sykte. "Minsken mei demintens binne puer, har emoasjes binne oprjocht," seit Krijn Dijkstra. De eardere sjonger fan Die Twa wurket al goed 20 jier as aktiviteitebegelieder yn de soarch. De lêste jierren wurket er mei demintearjende minsken yn Westerpoort yn Frjentsjer.

Yn syn wurk is Krijn in soad mei muzyk dwaande. Alle tiisdeitemiddeis pakt er syn akkordeon en sjongt er mei de bewenners. "Bewenners dy’t eins neat mear sizze, sjonge wol mei. Dat is prachtich."

Muzyk

"Soms sjochst de fuotsjes bewegen, oaren besykje mei te sjongen en wer oaren hawwe de oanstriid om te dûnsjen." Wêr't in soad sinjalen net mear trochkringe by deminte minsken, slagget dat mei muzyk faak noch wol, want dat giet fia in oar diel fan de harsens. Yn Westerpoort besykje se ek de famylje fan de bewenners te belûken by de muzykaktiviteiten. "Dat kinne se dan tegearre diele. En boppedat wurde se hiel faak konfrontearre mei de sykte, mar op sa’n middei sjogge se dat har heit of mem se ek noch in hiel soad wille hat."

Sykte

Demintens is de hurdst groeiende sykte fan Fryslân. Op dit stuit binne der 11.000 Friezen mei de sykte, yn 2030 binne dat nei ferwachting 18.000. Dat is in groei fan 70 prosint.

Yn Fryslân Hjoed fertelt Krijn Dijkstra oer syn wurk. Yn it Ljouwerter muzykpoadium Neushoorn fersoarget er woansdeitejûn in jûn mei 'muzykoantinkens', lieten dêr’t minsken mei demintens fan opfleurje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)