Taksybuske botst mei auto op Drachtsterwei; dyk skoft ticht

© Kappers Media
Op de Drachtsterwei yn Ljouwert hat woansdeitemiddei in oanriding west tusken in taksybuske en in persoane-auto. Under oaren in ambulânse waard oproppen. It personiel dêrfan hat de bestjoerster fan de belutsen persoane-auto kontrolearre, mar de ferwûnings foelen ta.
Yn it taksybuske sieten in pear bern. Foar har is ferfangend ferfier regele. De Drachsterwei hat in skoftsje ôfsletten west, it ferkear waard omlaat oer de parallelwei.