Grutsk op prestaasje fan Fryske hynders op Prinsjesdag

21 sep 2016 - 14:06

Hynstefersoarchster Leah Buren wie tiisdei hiel grutsk oer Prinsjesdag yn Den Haag. Har hynder rûn mei yn de stoet fan de koets tusken de oare Fryske hynders. “Het was fantastisch om te zien, echt een kick. Onze paarden deden het heel goed en bleven rustig”, fertelt de 17-jierrige menster.

Trije fan de hynders wiene fan menteam Buurman en Buurman út Burgum. De bisten wienen it ôfrûne wykein al yn de hofstêd om te oefenjen en te trainen. Se wienen hiel geskikt om mei te rinnen om’t se braaf binne en goed reagearje op leven om har hinne.

Mooglik meie de hynders ek takom jier wer meirinne, mar dat is noch net wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)