Twa manlju brekke yn yn skoalle, ien fertochte oppakt

21 sep 2016 - 12:49

In 44-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden as fertochte fan in ynbraak yn in skoalle oan de Esdoornstrjitte. De man wie tegearre mei in ûnbekende maat te sjen op kamerabylden.

Mei help fan dat sinjalemint koene plysjeminsken ien fan de manlju letter oanhâlde op it Noordvliet. De plysje siket noch nei de twadde ynbrekker.

Trefwurden: 
ynbraak skoalle Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)