Elektryske trein moat toeristen yn Ljouwert rûnliede

21 sep 2016 - 12:46
  • De Oldehove yn Ljouwert

Goutumer Jelle de Visser wol yn Ljouwert toeristen rûnliede yn in elektryske trein. Hy hat dêrfoar in fergunning oanfrege by de gemeente Ljouwert. De Visser wol mei de trein de âlde binnenstêd fan Ljouwert oandwaan. Subsydzjes of stipe wol hy net, hy tinkt dat er it projekt sels wol betelje kin. As alles goed giet, moat de trein kommende maaitiid ride.

De Visser die it idee op doe't er ferline jier op fakânsje wie yn Frankryk. Dêr besocht er mei syn frou ferskate stedsjes dêr't se ek toeristetreintsjes hiene.

Highlights

"Doe tocht ik, wêrom soe dat net yn Ljouwert kinne?" fertelt de Goutumer. Hy hat al by it HCL west om te bepraten hokker 'highlights' fan Ljouwert absolút te sjen wêze moatte. "It opstapplak komt op it Saailân. En de Aldehou is fansels in grutte publykslûker. Mar ek de Kânselerij is in moai plak om del te riden."

Benaud dat syn trein in grutte konkurrinsje foarmet foar bygelyks it preamfarren, is De Visser net. "Ik sjoch it mear as in moaie oanfolling. Je sjogge fan it wetter ôf hiel oars nei de stêd dan út in treintsje wei."

KH 2018

De trein hat er lykwols noch net kocht. Dat docht er pas as de fergunning der definityf is. Mei it each op Kulturele Haadstêd 2018 en de dêrop folgjende jierren, sjocht er dit as in moaie ynvestearring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)