Krimp slacht de kommende acht jier ta yn Fryslân

It tal basisskoalbern yn Fryslân giet de kommende jierren hurd omleech. Dat foarseit it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Iennichste útsûndering is Ljouwert. Yn dizze gemeente nimt it tal bern tusken de 4 en 12 jier mei 5% ta.
Krimp
Oan de oare kant is de delgong tusken 2015 en 2023 it grutst yn de gemeenten yn Noardwest en Súdeast-Fryslân. De krimp giet it hurdst yn Menameradiel en It Bilt: beide gemeenten soenen yn 2023 31% minder basisskoalbern telle.
Dêrachter folgje Skiermûntseach (-30%), Ljouwerteradiel (-27%), Littenseradiel (-26%) en Opsterlân en Eaststellingwerf (beiden -22%).
Foar de oare gemeenten jildt dat it tal bern yn de leeftyd fan 4-12 jier ek flink weromrint. De sifers op in rychje:
Ferwerderadiel: -18%
Súdwest-Fryslân: -18%
Achtkarspelen: -17%
Tytsjerksteradiel: -17%
Kollumerlân: -16%
Frjentsjerteradiel: -16%
Dongeradiel: -16%
Dantumadiel: -15%
It Amelân: -14%
Flylân: -13%
De Fryske Marren: -13%
Harns: -10%
Hearrenfean: -8%
Weststellingwerf: -8%
Smellingerlân: -8%
Skylge: -6%
It giet om de sifers tusken 2015 en 2023. Minder basiskoalbern betsjut fansels ek dat it fuortbestean fan basisskoallen yn gefaar komt. By te min learlingen, de grins leit op it stuit op 23 bern, moat in skoalle ticht. Om dy reden binne der de ôfrûne jierren al tsientallen skoallen tichtgien of fusearre.
It wurdt better
Dochs is der ferbettering yn it foarútsjoch. It CBS foarseit yn de prognoaze foar 2023-2030 dat de krimp bot ôfnimt. Ek nimt it tal bern yn in soad gemeenten júst wer ta. De sifers:
Flylân: +28%
Skylge: +22%
Skiermûntseach: +17%
Ljouwert: +12%
Ljouwerteradiel: +7%
Harns: +7%
It Amelân: +7%
Hearrenfean: +5%
Weststellingwerf: +5%
Opsterlân: +5%
Tytsjerksteradiel: +5%
Súdwest-Fryslân: +4%
Frjentsjerteradiel: +3%
Smellingerlân: +3%
Dongeradiel: +2%
It Bilt: +1%
Kollumerlân: +1%
Littenseradiel: +1%
Achtkarspelen: 0%
Eaststellingwerf: -1%
De Fryske Marren: -2%
Dantumadiel: -7%
Ferwerderadiel: -8%
Menameradiel: -10%
Hoe komt it CBS ta dizze foarsizzing?
It CBS brûkt foar it meitsjen fan in prognoaze ferskate ûntwikkelings. Dit hat te krijen mei it tal bern dat der berne wurde, immigraasje en emigraasje en ferhuzings. Mar ek saken lykas wenningbou - wêr sille yn de takomst mear minsken wenje? - en de regionale ferskillen wurde meinaam yn de foarsizzings.
Dêrneist beneidrukt it CBS dat der altiten in marzje yn de sifers sit. It binne en bliuwe prognoazes, gjin fêststeande sifers.