LTO: boerebedriuwen noch wol yn krisis

21 sep 2016 - 12:01

It kabinet giet yn de op Prinsjesdag presintearre begrutting foarby oan de ekonomyske situaasje op in soad boerebedriuwen, seit LTO Nederlân. Wêr't it kabinet oanjout dat Nederlân út de krisis komt, hawwe in soad boere- en túnbedriuwen it noch hieltyd dreech. It kabinet moat dêrom breed ynvestearje om de boeren mear romte te jaan foar duorsume ynvestearringen.

LTO is bliid dat eigen foarstellen om makliker seizoensmeiwurkers oannimme te kinnen, wol troch it kabinet oernaam binne.

It fakbûn ropt it ministearje op om heffingen op te lizzen om ûndersyk nei ynnovaasje yn de sektor betelje te kinnen.

Trefwurden: 
LTO boeren krisis Prinsjesdag
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)