Gerald van den Belt komt werom by Cambuur

21 sep 2016 - 11:42
  • Gerald van den Belt fan Cambuur

Ald-direkteur Gerald van den Belt komt werom by SC Cambuur. Hy komt mei yngong fan 1 desimber werom yn Ljouwert. Hy sil him dan dwaande hâlde mei de bou fan it nije stadion. Hy wurdt projektlieder foar Cambuur.

Van den Belt waard yn 2009 direkteur fan de Ljouwerter fuotbalclub, mar makke doe nei 5,5 jier de oerstap nei FC Twente. Dat pakte min út, want letter die bliken dat de Twintske club yn grutte finansjele problemen ferkearde.

Ype Smid, foarsitter fan de ried fan kommisarissen is bliid dat Van den Belt weromkomt yn Ljouwert. “We verwachten op korte termijn een positief besluit van de politiek over de ingediende stadionplannen. Als dit gaat zoals we verwachten ligt er een enorme klus voor ons om dit goed te organiseren voor de club. Gerald is wat ons betreft de ideale kandidaat om deze kar te trekken. Hij kent de club goed, beschikt over de benodigde expertise en heeft voldoende ervaring. Wij zijn dan ook opgetogen dat Gerald ons in deze nieuwe rol komt versterken.”

De supporters fan Cambuur binne der hiel wiis mei dat âld-direkteur Gerald van den Belt wer in funksje krijt by de klup. Dat seit Kees Elzinga, foarsitter fan De Kern van Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)