Direkteuren Alliade lizze earder har funksjes del

21 sep 2016 - 11:30

Direkteuren Bleichrodt en Postma fan Alliade op It Hearrenfean ha fuortendaliks har funksjes by de soarchgroep dellein. Neffens it bedriuw is de berjochtjouwing oer har rol binnen it bedriuw hurd oankaam en nimme se dêrom trije moannen earder as ôfpraat ôfskied.

Bleichrodt en Postma binne neist direkteur by Alliade ek oandielhâlder fan Woonfoyers, dat troch de soarchgroep ynhierd is. De ynspeksje foar de sûnenssoarch en de Nederlânske soarchautoriteit konkludearren dat it bedriuw dêrmei de skyn fan belangeferfrisseling tsjin him krige.

Elisa Ligt en Jan van der Meer nimme de taken fan de beide direkteuren oant jannewaris waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)