Oersetter Westra siket jild foar Tolkien-projekt

Liuwe Westra hat De Twa Tuorren (The Two Towers) yn it Frysk oerset. Nei't er yn 2011 it earste diel fan de trilogy fan Tolkien syn masterwurk The Lord of the Rings ferfryske, kin meikoarten diel twa nei de printer.
It projekt ‘De Twa Tuorren’ omfettet mear as allinne Westra syn machtich taalbouwurk, der sit ek wurk by fan de ynternasjonaal ferneamde fotografe Maartje Roos fan Hurdegaryp. Se makke in komposysjefoto foar it boekomslach.
Om it projekt ‘De Twa Tuorren’ noch dit jier realisearje te kinnen, sykje de makkers finansjele help.
Priuwkes
Op de webside fan de Stifting Fryske Tolkien is mear ynformaasje te finen oer it multydissiplinêre keunstprojekt ‘De Twa Tuorren’ lykas it ûntsteansproses fan de foto. Under it kopke Oersetkeunst komt de oersetter oan it wurd en kinne meikoarten priuwkes fan de Fryske ferzje fan The Two Towers fûn wurde. It boek telt 416 siden en wurdt 11 novimber presintearre en sil € 39,90 kostje.
Dûmny
Liuwe Westra is dûmny mar hat lêsten ôfskied naam fan syn gemeente Lollum-Waaksens. Hy is freelance ûndersiker foar de Universiteit fan Tilburg op it mêd fan de tsjerkeskiednis. "It oersetten fan literêre teksten yn it Frysk is yn fan myn passys. It Frysk is in hiele rike taal, dy't sels de fantasy-wrâld fan Tolkien herbergje kin. Der is it ferskaat fan plechtige skriuwtaal, âld en nij idioom, regionale farianten, sprektaal en fansels it 'understatement'. Geandewei rekke ik sels ek ûnder de yndruk dat soks allegear yn it Frysk mooglik is."
Stiper
It boek wurdt yn eigen behear útjûn om't in útjouwer de útjefte net oandoarde. Minsken kinne stiper fan it projekt wurde fia de crowdfunding-webside Voor de kunst. Der is €7.800 nedich en in fjidepart dêrfan is binnen.