Selsridende buskes Appelskea steane alwer stil

21 sep 2016 - 10:36
  • De proef mei de selsridende buskes waard moandei ôfsluten

De gemeente Eaststellingwerf hat de proef mei twa selsridende auto's yn Appelskea per direkt stilsetten. It hat bliken dien dat fytsers yn de berm fan it fytspaad stean moatte om de buskes passearje te litten. En dat kin gefaarlike sitewaasjes opsmite. Dêrom hat de gemeente de buskes per direkt stilsetten.

De buskes rieden sûnt moandei op in trajekt fan 2,5 kilometer. Se ferfierden passazjiers fergees fan de Wester Es nei it Drents-Friese Wold en wer werom. 

Eaststellingwerf ûndersiket no hoe't de problemen oplost wurde kinne en hopet dat de proef gau wer fierder kin. Doel fan de test is om te sjen oft de selsridende bus foar de takomst miskien in útkomst wêze kin foar it streekferfier yn krimpgebieten.

Stewards

It buske rydt op elektrisiteit en hat plak foar seis passazjiers. Ek is der in steward oanwêzich, foar it gefal der wat misgiet. De stewards wurde spesjaal oplaat troch de gemeente. It giet om minsken mei in útkearing.

De gemeente ferwachtet dat it probleem binnen in pear dagen oplost wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)