Matthäus Passion wurdt yn 2018 yn it Frysk opfierd

21 sep 2016 - 12:48

Yn 2018 komt in grutte útfiering fan de Fryske Matthäus Passion. It is de twadde kear dat de komposysje fan Bach mei it lijensferhaal fan Jezus yn grutte besetting útfierd wurdt. It inisjatyf komt fan de Fryske koarlieder Gerben van der Veen. It koar 'Hortus Vocalus' sjongt de Mattheüs en it Barokorkest Florilegium Musicum út Amsterdam fersoarget de muzyk. In bernekoar wurdt noch socht.

It plan is om yn maart 2018 fjouwer kear in útfiering te dwaan yn Fryslân. It stik is in 'hertaling' fan Jan Rot en yn it Frysk oerset troch Eppie Dam.

Ost-Friesland

Ek yn Ost-Friesland, yn Dútslân, wurdt it twa kear opfierd. Mooglik wurde ek koarleden en solisten út Ost-Friesland frege om mei te dwaan.

Subsydzje

Foar de Fryske Matthäus-útfiering is noch in protte jild nedich. De kosten, sa'n 150.000 euro, moatte foar de helte út subsydzjes betelle wurde. It koar wol dêrfoar in berop dwaan op ferskate fûnsen en op de provinsje Fryslân, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. De oare helte fan it nedige jild moat opbrocht wurde út ynkomsten oan de kassa.

Yn 2009 is de Matthäus foar it earst yn it Frysk yn sa'n grutte setting opfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)