Tûzenen minsken skriuwe harren yn foar online kursus Frysk

Der is wrâldwiid in soad belangstelling foar de kursus Frysk fan de Rykuniversiteit Grins, dy't kommende moandei begjint. Der hawwe harren oant no ta 5000 minsken foar de kursus ynskreaun. Dat binne der folle mear as dêr't yn it foar op rekkene wie.
De grutste groep dielnimmers komt út Ingelân, Amearika en Kanada, mar ek yn lannen as Sina, Sweden, Nigearia en Kolombia is belangstelling. De kursus is ûntwikkele troch de ôfdieling Fryske taal en kultuer fan de universiteit en is fergees te folgjen fia it platfoarm futurelearn.com.
Kwissen en fideo's
Dielnimmers leare binnen trije wiken om harren sels yn it Frysk foar te stellen en te praten oer saken as famylje, wurk en stúdzje. Dêrneist leare se aspekten fan it deistige libben yn Fryslân kenne. De kursus bestiet út artikels, kwissen, diskusjes en fideo's.
It giet hjir om in MOOC, dat is in Massive Open Online Course en is basearre op de fariant 'Introduction to Dutch', dy't yn 2015 sa'n 70.000 ynskriuwings hie.