Kollum: "BMD"

21 sep 2016 - 08:49
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Willem Verf en Frâns Kuipers sieten eartiids yn provinsjale steaten. Willem foar Grien Lofts, sa’t hy altyd sei; Frâns wie fan it CDA. Dat betsjut dat se yn dy tiid net in soad gearwurke ha. No ja, Willem skreau Fryske boeken en preuvele dus wolris wat oer de Fryske taal. En dan siet Frâns goedkarrend te knikken. Mear die hy net, want as Frâns stimme moast, wiene syn fraksjefoarsitters baas. En dy koene Willem wol skite en spuie.

Nei de steaten waard Frâns wat dwerser. Sa dwers dat hy tsjintwurdich in kapke op de a yn syn namme set. Net Frans mar Frâns. It frjemde is dat hy him noch wol Kuipers skriuwt en dêr ha wy dochs altyd gewoan Kupers sein.

Dwers. Dan kom je fansels Willem Verve tsjin. Se wenje ek tichtby elkoar. Se ha tegearre tsjin de sintrale as oan de gong west. Doe hienen se wol wat meistanners, mar seine de politisy: jim ha sels nea in goede ferbining mei Dokkum realisearje kinnen, no ek de bek hâlde. Doe ha se in ûnderwerp útsocht wêrop’t je de poat dwers sette kinne, sûnder dat soks gefolgen hat. It Frysk dus. Frâns is foarsitter en Willem is skriuwer fan in stichting. Se skriuwe as djipFriezen net stifting, mar stichting.

Ik wit net oft der mear minsken yn sitte, ik ha gjin webside fine kinnen. Miskien dogge se it ek wol tegearre. De stichting BMD Frysk. BMD? Ja, wy krúsrakettebern witte dat noch wol: dat is brede maatskiplike diskusje, ek yn it Frysk BMD. Willem en Frâns wolle in brede maatskiplike diskusje oer de Fryske taal. Dat wol se al hiel lang. Sa no en dan piipje se efkes. En sa kaam it dan ferline wike ek wer as geweldich nij ûndernimmen yn de Ljouwerter Krante.

De Ljouwerter skreau oer in peilinkje. Och heare, de ynstjoerde stikken laptops fan Frâns en Willem leine al te triljen op harren buro. Nee, nee, nee de lju moat der yngreven mei elkoar oer prate. As immen teminsten noch wit wat yngreven is. Mar dan komt it moaie. It krantestik hie neffens harren inkeld omtinken foar in negative útkomst yn in BMD oer it Frysk. Op himsels kin dat yndied net, want wat de ien negatyf foar it Frysk fynt is wer posityf foar in oar. Dêr hakke Frâns en Willem lykwols net op yn. Letterlik sizze se: “Wy fan de BMD ferwachtsje dat it krekt oarsom wêze sil. Wannear’t grutte groepen Friezen har realisearje wat in prachtige rykdom wy ha mei ús eigen regionale taal, sil de belutsenens allinne mar tanimme”.

Dus Willem en Frâns ferwachtsje dat as der grutte yngreven diskusjes hâlden wurde mei it totale Fryske folk, dus mei djipFriezen, tsjinFriezen, en de grutte horde it-kin-my-allegear-gjin-soademiter-skille Friezen; diskusjes dy’t mei inoar, skat ik yn, in pear miljoen kostje sille, wol we dat goed dwaan, want der moat fansels in Frysk sankje by fan Piter of Gurbe, en in stikje oranjekoeke by de kofje en in neipetear mei in bearenburchje; diskusjes dy’t yn alle doarpen, stêden en Ljouwert hâlden wurde moatte; ferwachtsje Frâns en Willem dan dat der in massaal en ienriedich joechei foar de Fryske taal ûntstiet, wêrtroch as de provinsje twongen wurde sil om de Fryske taal net allinnich mar te behâlden, mar ek út te wreidzjen rûnom yn de wrâld en Ljouwert? Dus miljarden útjaan moatte om it Frysk te rêden?

Leave Willem en Frâns. Brede maatskiplike diskusjes ha fantefoaren gjin einoardiel. Brede maatskiplike diskusjes jouwe inkeld de rjochting oan dy’t de oerheid fersocht wurdt te nimmen. Mear net. Minsken dy’t in BMD organisearje ha gjin miening. Dy ha jim wol.

Willem. BMD oer it Frysk? Net oer de REC, of oer de fosfaten. Net oer de grûnfersakkingen, net oer boarringen op Skylge?

Frâns. BMD oer it Frysk? Net oer hoe fierder mei it ûnderwiis, net oer de soarch yn noardeast Fryslân, net oer de lânbou ?
Yn al dy gefallen helje der minder minsken yn Fryslân inkeld mar de skouders op as it oer it Frysk gean moatte soe.

Want Frâns en Willem. As der in brede maatskiplike diskusje oer it Frysk komme sil, kinne je it wurd breed ferjitte. Dêr komt net in hûn. No ja, in pear kefferkes."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)