Wurk oan Lauwersseewei: de lêste leadsjes fan de Sintrale As

De Lauwersseewei is no al hast twa wiken ticht om't se wurkje oan de Sintrale As. Dêrtroch moat it ferkear omride om op harren bestimming te kommen.
Dizze dyk is ien fan de lêste projekten fan de Sintrale As. De wurksumheden duorje noch oant en mei freed, dan moat al it asfalt deryn lizze. Op 7 oktober wurdt de folsleine Sintrale As offisjeel iepene foar it ferkear.
Yn ferban mei it evenemint 'Sport op de As', kommende sneon, bliuwt de dyk dit wykein ek noch ticht. Dit evenemint foar ûnder oaren hurdrinners en fytsers, fynt plak op de Lauwersseewei. De finish is op it fiadukt. Nei it wykein is de âlde rûte wer efkes beskikber en fan 7 oktober ôf kin it ferkear oer de nije Sintrale As-rûte.
Bastion
Nei de iepening is it wurk noch net hielendal klear. Der wurdt noch in keunstwurk delsetten njonken de dyk: it bastion. Dit is in ferwizing nei de bolwurken yn de binnenstêd fan Dokkum. De gemeente wol dizze 'stjerfoarm' wat nei bûten bringe, en it bastion makket dêr ûnderdiel fan út.