Provinsjes: "Stel besunigings regionale omroppen út"

De provinsjes roppe it kabinet op om de besuniging fan 17 miljoen euro foar de regionale omroppen foarearst út te stellen. Dat skriuwe se yn in brief, dy't út namme fan it Interprovinciaal Overleg (IPO) nei Den Haach stjoerd is.
Begjin dizze moanne waard bekend dat steatssiktaris Sander Dekker de nije mediawet oanhâldt. Yn dizze wet stie ek de gearwurking tusken de trettjin regionale omroppen ûnder de RPO beskreaun. Dizze gearwurking soe in part fan de besuniging opfange moatte, mar dat giet no dus net troch.
Dat de besuniging fan 17 miljoen euro no wol stean bliuwt, fine de provinsjes ûnakseptabel. Se binne benaud dat dit grutte gefolgen hawwe sil foar it fuortbestean fan en de programma's fan guon regionale omroppen.
Se hawwe dan ek net folle fertrouwen yn de oprop fan Dekker om de programmearring en de redaksjes safolle mooglik te ûntsjen by de besunigings.
Juridyske grûnslach
“De provincies gaan ervan uit dat de voorgenomen bezuiniging van € 17 miljoen niet doorgaat nu het wetsvoorstel is aangehouden en dat de bezuiniging van 17 miljoen per 1 januari a.s. gekoppeld blijft aan het in werking treden van dit onderdeel van de Mediawet. Dit omdat met het aanhouden van het wetsvoorstel de facto een juridische grondslag voor een verdere efficiencyslag ontbreekt”, skriuwe de provinsjes.
De Twadde en Earste Keamer sille meikoarten te set oer de sitewaasje rûnom de mediawet.