Wurdt FC Grins-direkteur Nijland ea boargemaster It Amelân?

Direkteur Hans Nijland fan FC Grins soe graach boargemaster fan It Amelân wurde wolle. Dy ambysje hat hy woansdeitemoarn útsprutsen yn it moarnsprogramma ''Het ontbijtje met'' op NPO Radio 1.
De frou fan Nijland, Marieke, komt fan it eilân. Se komme faak op It Amelân en hawwe dêr ek in soad kunde. Nijland jout wol oan dat hy gjin ''politiek dier'' is. Hy is in man fan snelle besluten en net fan lang fergaderje. De gemeente It Amelân hat ek shirtsponsor west fan FC Grins.
Hoe realistysk it is dat Nijland ea earste boarger fan It Amelân wurdt, wit er net. "Op dit moment zit er een hele goede burgemeester, Albert de Hoop. Maar wie weet, ooit..."