Hearrenfean pas yn ferlinging foarby De Graafschap

20 sep 2016 - 23:17

SC Hearrenfean is fierder yn de beker, it hie in ferlinging noadich om ôf te rekkenjen mei De Graafschap. Yn de earste helte wie der sprake fan min spul mei in soad misferstannen en in leech tempo. Djiptepunt wie de miste penalty troch Reza Ghoochannejhad. De Graafschap kaam yn de 67e minút op foarsprong troch in goal fan Van Overbeek. Veerman kaam yn it fjild foar Ghoochannejad en wie fuortendaliks gefaarlik. Dat resultearre yn de 87e minút yn de lykmakker.

Yn de ferlinging slagge it wol om te skoaren en rûnen de Friezen flot út nei 5-1.

De goals waarden makke troch Veerman (2x), Zeneli, Namli en Schaars. Tongersdei wurdt der lotte foar de twadde omloop yn de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)