Wethâlder Van der Horst oerlibbet moasje

20 sep 2016 - 22:57
  • It gemeentehûs fan Smellingerlân

Wethâlder Jos van der Horst fan Smellingerlân hat tiisdeitejûn as ferfanger fan wethâlder Ketelaar in moasje fan ôfkarring krigen yn it debat oer de grûnprizen fan de nije wenwyk Vrijburg yn Drachten. De ried hie it kolleezje frege om de prizen te ferleegjen, mar dêr woe b.en w. net oan.

Letter die bliken dat it kolleezje krekt besletten hie om it wol te dwaan. De gemeenteried fielde him passeard en wethâlder Ketelaar hat dêrop yn it frage-oerke ekskús oanbean. De partijen CDA, ELP, Smallingerlands Belang en de VVD fûnen dat net genôch.

Spoeddebat

Sadwaande wie der tiisdeitejûn in spoeddebat oer itselde punt. Ferfangend wethâlder Van der Horst hat nochris ekskús oanbean, mar der waard dochs in moasje fan ôfkarring yntsjinne, dy't it lykwols mei 13 tsjin 18 stimmen net helle.

Jos van der Horst

"Mijn betrouwbaarheid is in twijfel getrokken", seit Van der Horst en "dat voelt niet fijn". Hy seit fierder dat it betsjut dat it kolleezje tenei noch skerper wêze moat, want "de gemeenteraad keurt dit af, maar wij als college ook."

Wethâlder NIeske Ketelaar sit al in skoftke siik thús. Neffens Van der Horst slagget it noch wol om har wurk op te fangen, mar as it langer duorret, moat der miskien socht wurde nei ferfanging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)