We moatte no al mei de klimaatferoarings oan 'e slach

Der komt in provinsjale taskforce om de gefolgen fan de klimaatferoarings op te fangen. Dat seit dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân. It ekstreme waar dat it KNMI pas yn 2040 ferwachte, is no al werklikheid. Dus moat Fryslân en hiel Nederlân in fersnelling heger skeakelje om grutte skea troch swiere buien foar te kommen.
It Ryk hat tiisdei hjirfoar al in deltaplan oankundige. Wetterskip Fryslân besjocht of besteande plannen flugger útfierd wurde moatte, mar wit ek dat sy it net allinnich kin.
Krêften bondelje
De taksforce is fan it Wetterskip en de gemeenten, mar nei alle gedachten sille dêr de provinsje en it bedriuwslibben noch bykomme. Bygelyks om oplossings te finen yn stêden lykas it opfangen fan tefolle wetter yn in boarterstún of ferkearsdrompels dy't wetter tsjinhâlde. Mar ek op it plattelân moat it ien en oar feroarje.
Bouboeren
Foar bouboeren soe it in idee wêze om op leechlizzend lân gjin gewaaksen mear te ferbouwen, mar fee te weidzjen. It moat lykwols net bliuwe by it opfangen fan de gefolgen fan de klimaatferoarings. Je moatte ek wat dwaan oan de oarsaken, fynt Van Erkelens. Ien foarbyld is it feangreidegebiet. Je soenen boeren dêr betelje kinne om in hegere wetterstân ta te stean. Troch de hjoeddeistige lege wetterstannen ferdwynt it fean wêrtroch der in hiel soad CO2 frijkomt dat it broeikaseffekt fersterket.