Fryske paralympyske sporters werom út Rio

Huldigingen binne hiel moai, mar it is ek wol hiel drok. Dat sei Liesette Bruinsma tiisdei by de huldiging fan de Paralympyske sporters yn Utrecht.
It is de earste fan yn totaal minimaal trije huldigings dy't de Fryske dielnimmers oan de Paralympyske Spelen yn Rio de kommende dagen meimeitsje. Earst Utrecht. Woansdei binne se by de kening yn Den Haach en freed folget ek noch de Fryske huldiging. Ek op it eigen doarp stiet dêrnei faak noch in feest op it programma.