De Rouwe: "Ryk moat meibetelje oan nije slûs Koarnwertersân"

De Lorentzslûzen by Koarnwertersân © Rykswettersteat
It ryk is oan syn stân ferplicht om mei te beteljen oan de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. Neffens deputearre Sander de Rouwe hat de provinsje Fryslân, mei oare partijen, in prima foarstel op tafel lein, dat it ryk net wegerje kin.
Likegoed stiet it meibeteljen troch it ryk net yn de miljoenenota. De regio betellet in lytse 120 miljoen euro, sadat it ryk der noch mar 30 miljoen by hoecht te dwaan. In bredere slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân soe op termyn sa'n 2500 nije banen opsmite.
Yn ús programma It Polytburo mear oer dit ûnderwerp.