Snelheidskontrôles op N31 bringe jild op

20 sep 2016 - 18:53

By snelheidskontrôles op de N31 binne de ôfrûne twa wiken wer flink wat minsken op de bon gien. De measte minsken krigen in bekeuring omdat se te hurd rieden. Guon minsken binne har rydbewiis kwytrekke. Oare autobestjoerders krigen in boete omdat se sieten te beljen mei de telefoan yn de hân, of omdat se de riem net omhiene. De plysje kontrolearret de lêste tiid geregeld op de N31, omdat in soad minsken dêr te hurd ride.

Der wiene yn totaal 56 bekeuringen foar te hurd riden. Fiif bestjoerders moasten har rydbewiis ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)