Moaiste natuergebiet Nederlân krijt hegere priis

20 sep 2016 - 18:37

De winner fan de ferkiezing fan it moaiste natuergebiet fan Nederlân krijt in hegere priis. De steatssekretaris hat it prizejild ferhege fan 100.000 nei 300.000 euro. Tiisdei wie de lêste dei dat natuergebieten oanmeld wurde koene. In faksjuery ûnder lieding fan Pieter van Vollenhove sil de ynstjoerings no beoardielje en in oantal gebieten útsykje, dêr't it publyk fan 10 oktober ôf op stimme kin.

Dat kin fia in spesjale webside: www.mooistenatuurgebied.nl. Dêr is ek alle ynformaasje oer de ferkiezing te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)