In protte mokselsied yn de Waadsee

20 sep 2016 - 18:27
  • Mokselbank yn de Waadsee

De earste yndruk dat der in soad mokselsied yn de Waadsee sit, wurdt no befêstige troch ûndersyk. Dat ûndersyk is dien troch de Waddenunit fan Ekonomyske Saken mei Wageningen Marine Research en advysburo MarinX. Sy ha no 95 miljoen kilo mokselsied yn kaart brocht, troch boppe mokselbanken te fiskjen.

It giet dan om mokselbanken dy't noait drûch komme te lizzen. 95 miljoen kilo mokselsied is al gau twa oant trije kear mear as trochstrings, sa seit Nico Laros fan de Waddenunit.

Sûnt 1996 is der net safolle mokselsied fûn. Mokselsied is eins net mear as hiele lytse moksels. In soad mokselbanken binne earder ferdwûn út de Waadsee wêrnei't der maatregels naam binne om dat te kearen. Mokselbanken binne hiel wichtich foar it ferskaat oan libben yn it Waad.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)