Dochs subsydzje foar Fryske festivals

De festivals Into the Great Wide Open op Flylân en Welcome to the Village yn Ljouwert komme dochs yn oanmerking foar jild út it lanlike Fonds Podiumkunsten. De twa Fryske festivals hiene earder wol in posityf advys krigen, mar gjin jild.
Dat jilde ek foar 21 oare festivals yn Nederlân. Minister Bussemaker fan Kultuer hat no yn totaal 3 miljoen euro foar de festivals beskikber steld. De ûnderlinge ferdieling sil letter bekend wurde, seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert.
Hy is wiis dat minister Bussemaker yn de bres springt foar regionale festivals. Yn totaal jout de oerheid 10 miljoen euro ekstra oan de kulturele sektor. Bussemaker komt dêrmei temjitte oan it driuwend berop fan de Ried foar Kultuer om de finansiering yn de kultuer op peil te hâlden. Hast 2,5 miljoen euro giet nei kultuer- en muzykûnderwiis.