Sportfiskerij Fryslân wol gearwurkje mei oare wetterbrûkers

20 sep 2016 - 17:29

De ledegroei fan Sportvisserij Fryslân giet net mear sa hurd as earder. Dat komt troch de weromrinnende fangsten. It is yn Fryslân lykwols sa slim noch net as yn de rest fan it lân. En ek bûtenlanners komme noch graach yn Fryslân om te fiskjen.

Sportvisserij wol yn de takomst mear gearwurkje mei alle partijen dy't it iepen wetter brûke, lykas wettersporters, beropsfeart en natuerbehearders. It Fryske wetter is eins te skjin en dêrtroch sitte der minder snoekbearzen en brazems yn, mar mear oare fisksoarten lykas grintfisk en marfal.

De feriening is al mei Wetterskip Fryslân yn petear oer maatregels om it wetter troebeler te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)