Wat hâldt de miljoenenota krekt yn foar Fryslân?

20 sep 2016 - 16:35

In posityf boadskip yn de troanrede tiisdei yn Den Haag. It giet ekonomysk sjoen wer stikken better mei Nederlân, der falt wer jild te ferdielen. Omrop Fryslân seach mei studinten fan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert nei de miljoenenota en helle dêr wichtichste punten út foar Fryslân. Wat betsjut it foar de ekonomy, de soarch, de feilichheid en de agraryske sektor yn ús provinsje?

In posityf boadskip yn de troanrede tiisdei yn Den Haach. It giet ekonomysk sjoen wer stikken better mei Nederlân, der falt wer jild te ferdielen.

Ekonomy

De ekonomy sit yn de lift. It kabinet lûkt goed 1 miljard euro út om de keapkrêft fan âlderen, minsken mei in útkearing of in minimumynkommen te helpen. Der komt mear wurk, ûndernimmers ynvestearje. De konsumpsje groeit, minsken wurkje langer troch. It giet better mei de wenningmerk. Huzen wurde earder ferkocht. Huzebesitters losse ôf op harren hypoteek.

Soarch

De besuniging fan in heal miljard euro op de ferpleechhûssoarch wurdt skrast. Der komt 180 miljoen euro ekstra foar de wykferpleging. Foar de soarch oan âlderein, minsken mei in beheining en minsken dy't groanysk siik binne wurdt 200 miljoen euro útlutsen. Fierder komt der 100 miljoen euro foar earme bern foar bygelyks skoalreiskes, swimles of sport. Ek wurdt der 200 miljoen frijmakke om earme gesinnen te stypjen yn 'e ûnderwiiskosten.

Feilichheid

It kabinet wol foarearst net nóch mear finzenissen slute. Fierder wurdt der 10 miljoen euro ekstra útlutsen foar wykaginten, sy sille mear op strjitte wêze. Ek komt der 35 miljoen euro foar it bestriden fan terrorisme en cybercrime. Definsje krijt der takom jier 300 miljoen euro by, it grutste part derfan wurdt brûkt foar de saneamde 'basisgereedheid' fan de kriichsmacht.

Agraryske sektor

Opfallend genôch stiet der hielendal neat oer de agraryske sektor yn de miljoenenota. LTO fynt dat it kabinet wol jild stekke kin yn 'e sektor, no't it wat better giet. Hielendal om't hiel wat boeren yn in drege situaasje sitte fanwege de lege molkpriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)