Skoalle Broeksterwâld wint priis mei pimpen fan de troanrede

20 sep 2016 - 16:30

It wie in machtich moaie dei foar groep 7 en 8 fan kbs De Wel yn Broeksterwâld. Moandei wiene se in dei nei Den Haag om de orzjinaliteitspriis foar har filmke oer de troanrede op te heljen. De wedstriid 'Pimp de Troonrede' frege middelbere skoalklassen yn Nederlân om har eigen troanrede te meitsjen.

De sjuery beleane de bern mei de orzjinaliteitspriis, ek om't se eins te jong wienen om mei te dwaan oan de wedstriid. Yn har sân minuten duorjende filmke droegen de bern trettjin alternative troanredes foar.

Pimp de Troonrede waard foar de tredde kear organisearre troch it foarljochtingburo oer demokrasy en de rjochtstaat yn De Haach. Der wiene dit jier 50 ynstjoerings. De measten oer de flechtelingestream, duorsumens en ideëen foar it ûnderwiis en de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)