Fertochte: "Gjin ferkrêfting, mar frijwillige seks"

© Omrop Fryslân, Alle Faber
De man út Ljouwert dy't fertocht wurdt fan de ferkrêfting fan in frou fan sechstich út de stêd seit dat it om frijwillige seks gie. Dat kaam tiisdeitemiddei nei foaren op de earste behanneling fan de saak foar de rjochter.
De advokaat fan de fertochte hat syn fraachtekens by de ferklearring fan it slachtoffer en wol dat se as tsjûge heard wurdt. De fertochte soe de frou yn maaie by har hûs seksueel misbrûkt ha. Hy soe har mei de dea bedrige ha as se net meiwurkje soe. De man wurdt ek fertocht fan oanranding fan twa oare froulju.