Ynbraak yn trije taksybuskes yn Ljouwerter wyk Bilgaard

20 sep 2016 - 16:07

Trije taksybuskes yn Ljouwert binne yn de nacht fan moandei op tiisdei iepenbrutsen. De buskes stiene yn de wyk Bilgaard op de Ludinga en de Keidam. De dief hat út alle trije de boardkompjûter helle. Oare djoere saken binne lizzen bleaun. By alle trije buskes is in lyts rútsje ynslein om sa in doar iepen te meitsjen. De plysje freget minsken dy't wat fan de stellerij witte har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)