Kollum: "Rotsoai by de klup en Jurgen Streppel in malloat?"

20 sep 2016 - 15:48
  • Jurgen Streppel

Roelof de Vries is sportferslachjouwer by Omrop Fryslân. Hy is fansels in echte sportfanaat en folget foaral SC Hearrenfean, Aris en it shorttrack op 'e foet. Sa no en dan skriuwt er in kollum oer saken dy't er tsjinkomt yn syn wurk. Roelof is te folgjen op Twitter.

"It is wer ûnrêstich by Hearrenfean. Dat jo it efkes witte. Neffens Johan Derksen makket "die wielrenner er een puinzooi van". En neffens Jaap Stalenburg is Jurgen Streppel in malloat. Dus.

Ik bin ek sjoernalist. No ja, ik doch myn bêst. Ik ha kontakt mei spilers, praat mei personiel, stel myn fragen oan trainers en direksje. Sa besykje ik in sa goed mooglik byld te sketsen fan de klup. Oft ik de wierheid yn pacht ha, dat wit ik ek net. Mar ik doch myn bêst.

Sa ha ik net it idee dat Streppel in malloat is. Ja, hy hat syn emoasje ûnder de wedstriid net altyd ûnder kontrôle. Ik ergerje my dêr ek oan. Doch normaal. Of, sa as hy sels sei: "Ik ben nogal emotioneel tijdens de wedstrijd en heb mezelf niet altijd onder controle. Ik kan me voorstellen dat mensen zich daar aan ergeren." En hy stjoerde kollega Arjen de Boer ris fuort, doe't hy wilens in training op in 'ferkeard plak' stie te filmjen. Bytsje bernich, dat absolút. Al is dy line dêr't we efter stean moatte der al sûnt Gertjan Verbeek en dêrnei ek troch Sollied, Jans, Van Basten, Lodeweges en Foppe net fuorthelle. 

Mar fierder wurdt Streppel oant no ta wol wurdearre, merk ik. As ik spilers en minsken der omhinne leauwe mei. "Tactisch sterk, gedisciplineerd, hij is de baas, spelers nemen hem serieus, beter dan Foppe, gedreven", binne sa mar wat termen dy't ik hear. As dat oer in pear wiken of moannen noch sa is, moatte we noch mar ôfwachtsje. Hoe reagearret hy as it minder giet en hoe reagearje de minsken om him hinne dan? Mar in malloat? Mwa, nee.

Oer de ûnrêst dan. Tsja, ik sjoch it net. Miskien bin ik in minne sjoernalist en wurd ik troch de ferkearde minsken ynformearre. Mar ik ha krekt it idee dat it foar it earst sûnt lange tiid wer ris rêstich is. Sterker noch, dat der in positive sfear hinget yn it Abe Lenstra Stadion.

Litte we efkes nei de feiten sjen. Sûnt de komst fan Luuc Eisenga (algemien direkteur), Gerry Hamstra (technysk manager) en Henk Bloemers (kommersjeel manager) hat Hearrenfean in nije haadsponsor helle, is de steantribune grutter makke en nei foaren helle, binne der twa nije businesspartners by kaam (Ruitenheer en Koopmans Verf), nimt neffens de OSSH it tal sponsoaren in lyts bytsje ta en is de delgong fan de ferkeap fan seizoenkaarten stabilisearre. Okee, yn hoefier is dit ta te skriuwen oan dizze liedingjaanden? Miskien net alles, mar dit binne wol de feiten.

Sportyf sjoen is der in nije trainer helle. Dreech om dêr no al oer te oardieljen, mar oant no ta liket it posityf. Larsson is net fuort gong, Schaars is in goeie set en by spilers as Kobayashi, Facey en Reza moatte we noch efkes wachtsje om echt oer te oardieljen. Se binne der net yn slagge in ferdigener mei ûnderfining te heljen. De transfer fan Peters is mislearre. Ha se harren blyn stoarre op syn komst? Soe kinne. Dy ferdigener sûnder ûnderfining is net kaam; dat kin se wolris punten kostje.

Eisenga is der noch altyd net yn slagge in goeie deal te sluten oer de stadionhier. Keeperstrainer Harm Kuperus wie tasein dat syn kontrakt ferlinge wurde soe. Streppel woe Raymond Vissers meinimme fan Willem II en dat wie tsjinoer klupman Kuperus net netsjes. Yn it OSSH-bestjoer wie ek rûzje en moasten nochal wat feroaringen tapast wurde. Yntusken is der in nij bestjoer, lykas it stichtingsbestjoer en de rfk. De lêste jierren wiene der genôch minsken mei eigen belangen en de fraach is oft dy der no net noch altyd binne. Oant no ta rint it goed. Mar wat as Hearrenfean aanst wol fjouwer kear efter elkoar ferliest?

Mar ûnrêstich en in rotsoai? Mwa, nee."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)