Kursus polityk yn Súdwest-Fryslân

20 sep 2016 - 15:48
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân kinne in fergeze kursus polityk dwaan. Sa kinst mear te witten komme oer hoe't de gemeentepolityk wurket. Op de kursusjûnen fertelle bygelyks de boargemaster, de wethâlders en riedsleden oer har wurk en kursisten kinne fansels ek fragen stelle. As ôfsluting geane de kursisten mei-inoar nei in riedsgearkomste. De kursus begjint yn oktober.

De kursus begjint op 19 oktober en bestiet út fjouwer byienkomsten. Der kinne maksimaal fyftjin ynwenners meidwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)