Mjittings ôffaloven Harns in jier langer

20 sep 2016 - 15:18

De mjitttings fan de dioksine-útstjit fan de REC yn Harns sille in jier langer trochgean. Dat ha de provinsje en de gemeente Harns tiisdei besletten. De partijen wolle de útkomsten fan de mjittings brûke foar it ferbetterjen fan de ôffaloven.

De mjittings binne ferline jier ynsteld en soene earst in jier duorje. Yn dat jier kamen in soad knyppunten nei foaren en binne maatregels naam om dy knyppunten tenei foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)