Piersma junior begjint mei skipswerf yn Grou

20 sep 2016 - 15:13

Pieter Piersma begjint mei yngong fan 1 oktober in eigen skipswerf yn Grou. Frisian Yachts Piersma is spesjalisearre yn nijbou, restauraasje en ûnderhâld fan klassike houten skippen.

De 30-jierrige Piersma folget dêrmei in famyljetradysje. Syn heit Pier Piersma makke koartlyn bekend dat hy syn skipswerf yn Heech nei 50 jier ferkeapet. Neffens Pieter Piersma nimt hy de werf fan syn heit bewust net oer, om't hy breder en moderner wurkje wol as syn heit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)