Man út Emmen oppakt foar gewelddiedige oerfal yn Nes

Helptsjinsten op de Strikel yn Nes (Akkrum) © Gerwin de Vries
De plysje hat in 30-jierrige man út Emmen oanhâlden as fertochte fan de gewelddiedige oerfal yn Nes (by Akkrum) op 15 juny. By de oerfal rekke de 73-jierrige bewenner fan it hûs oan De Strikel ferwûne. De man die de doar iepen foar twa manlju en waard doe fuortendaliks mei geweld nei binnen treaun.
De bewenner waard slim mishannele en fêstbûn. De bút bestie út antyk, wêrûnder sulveren bestek en sieraden. Fanwege de earnst fan it fergryp wie de oerfal ek te sjen yn it lanlike opspoaringsprogramma Opsporing Verzocht.
Ferskate ynbraken
De man dy't no oanhâlden is, wurdt ek fertocht fan tsientallen ynbraken by bedriuwen yn de omkriten fan Emmen.