Ljouwerter F16's ferwolkomje Fryske paralympiërs

20 sep 2016 - 14:46

Twa F16's fan de fleanbasis Ljouwert ha it fleantúch mei paralympiërs ynhelle, dat tiisdei werom kaam is út Brazilië. It tastel mei de medaljewinners waard fan de grins ôf oant Schiphol ta begelaat troch de F16's. Dêr waarden se feestlik ûnthelle. Tiisdeitemiddei is der in offisjele huldiging yn Utrecht. Ferslachjouwer Gerrit de Boer is derby at de paralympiërs huldige wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)