HCL nominearret rugbyfoto út WO I foar Stik fan it Jier

20 sep 2016 - 13:00
  • Centennial Memorial England vs. Scotland 1916-2016

In foto fan in yn 1916 hâlden rugbywedstriid yn Ljouwert wurdt de ynstjoering fan it Ljouwerter histoarysk sintrum HCL foar de jierlikse Stuk van het Jaar-ferkiezing. De ferkiezing fan it bêste argyfstik wurdt yn oktober hâlden yn it ramt fan de moanne fan de skiednis.

HCL hat foar de foto keazen om't it giet om de âldste ôfbylding fan in rugby-ynterlân yn Nederlân. It is ek in bysûndere foto om't dizze makke is yn de Earste Wrâldoarloch en der spile wurdt troch Ingelse en Skotse kriichsfinzenen.

Mata Hari

Yn 2014 einige HCL as fiifde mei in ekstrakt fan de akte fan it ferstjerren fan Mata Hari.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)