Grutte Pier brouwerij makket bêste tripel-bier fan Nederlân

20 sep 2016 - 12:22

It tripel-bier fan de Grutte Pier brouwerij yn Ljouwert hat goud wûn by de World Beer Awards yn Londen. It is útroppen ta bêste tripel-bier fan Nederlân. It bier giet nei dizze gouden medalje striden tsjin oare Europeeske lannewinners. By winst giet it sels de striid oan op wrâldnivo.

De World Beer Awards wurde elts jier útrikt oan ynternasjonaal erkende bierstilen. Kommende freed wurdt de winner op Europeesk nivo bekendmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)