Skylge set dúnfallei ûnder wetter fanwege woekerplant

20 sep 2016 - 11:52
  • Watercrassula

Steatsboskbehear op Skylge set alles op alles om de ekstreem woekerjende plant wettertekken (watercrassula) fuort te heljen. Moandei is begûn mei it fol rinne litten fan in dúnfallei mei sâlt wetter.

It plantsje groeit sa hurd, dat it oare planten ferstikt. De plant foarmet in grutte bedriging foar ûnder oare it wettersturtsje (oeverkruid) en it miggeblomke (zonnedauw). Boppedat kin er him ferspriede nei oare gebieten. Dat soe in ekologyske ramp betsjutte foar de Natura2000-gebieten op Skylge, seit Steatsboskbehear. 

Op termyn soe de plant ek de ôfwettering fan de poldersleatten fersteure kinne en dêrmei de folsleine wetterhúshâlding fan it eilân. Ferline wike waard de watercrassula ûntdutsen. Yn 2012 siet it plantsje der ek al, yn in plasse yn de dúnfallei oan de súdkant fan Midslân oan see. De jierren dêrop waard er bestriden troch him mei sân te bedobjen en troch groeiplakken ôf te plaggen.

Hurdere maatregels

Om't dat blykber net goed genôch holpen hat, kiest Steatsboskbehear no foar hurdere maatregels, ek omdat de watercrassula no op folle mear plakken en oer gruttere oerflaktes foarkomt. It sâlte wetter dat yn de dúnfallei komt, wurdt út see pompt en mei slangen oer it dún nei de fallei laad. Doel is om 60 sintimeter sâlt wetter op it hjoeddeiske wetterpeil te setten. Dat bliuwt acht dagen sa, om der wis fan te wêzen dat it sâlte wetter effekt hat. De watercrassula stjert ôf troch it sâlte wetter. Dat bart tagelyk ek mei oare swietwetter planten, mar dy komme takom jier werom, seit Steatsboskbehear. De plakken dêr't gjin sâlt wetter komt, wurde ôfbaarnd.

De fan oarsprong Australyske watercrassula wie oant foar koart te keap by túnsintra en is nei alle gedachten fia in fiver of it leechsmiten fan in akwarium yn de dúnfallei telâne kaam. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)