Plysjekontrôle fytsferljochting, 26 boetes útdield

20 sep 2016 - 08:59

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn 26 boetes útdielt by in kontrôle op it brûken fan de fytsferljochting. De kontrôles wiene yn de Arendstún en op de Noarderbrêge.

De measte boetes waarden útdielt om't de fytsers gjin achterljocht oan hiene. Twa fytsers waarden oanhâlden om't se harren net identifisearje koene. Se krigen derfoar in proses-ferbaal.

Fytsedief pakt

In 33-jierrige Ljouwerter waard moandei oanhâlden foar it stellen fan in fyts. Hy hat in boete krigen fan 200 euro. De man hie de fyts stellen by in winkel oan de Britsenburg, mar hie net yn de gaten dat der in befeiligingskamera wie. De man kaam yn de rin fan moandeitemoarn sels yn de winkel, mar waard mei help fan de bylden werkend. De plysje waard der by helle en de man bekende. De plysje fûn de fyts op oanwizen fan de man werom by it stasjon.

Trefwurden: 
fytsferljochting Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)