Kollum: "De Mammon"

20 sep 2016 - 08:27

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Foarige wike tongersdei hat de presintaasje fan de Vrouwenbijbel plakfûn. De tekst is dy fan de Herziene Statenvertaling, wêrby’t yn kaders biografyen fan froulju út de Bibel en meditaasjes pleatst binne. Myn earste gedachte doe’t ik it berjocht lies, wie: Nigella Lawson. It boek fan de ferneamde sjefkok út Ingelân ‘Hoe word ik een goddelijke huisvrouw’ is foar in hiele protte froulju as in Bibel. En Nigella sels is ek behoarlik godlik, stel ik út objektyf manlik eachpunt fêst.

Mar de Vrouwenbijbel wie dat wat der stie, in Bibel foar froulju. De útjouwer, Jongbloed fan it Hearrefean, sei dat minsken sykje nei harren eigen identiteit en harren eigen rol yn de weareld en de maatskippij. Dêr wolle se as útjouwer by oanslute, en ien fan de útkomsten dêrfan is dus de Vrouwenbijbel. Sa’n ferklearring is bêst wol progressyf en, yn dat spesifike gefal, feministysk. Mar is it dat ek?

Om te begjinnen hat it boek in rôze omkaft. Mei blomkes. It ekstra materiaal yn it boek giet foaral yn op ûnderlinge relaasjes en emoasjes. Seit de útjouwer, want ik bin net de doelgroep, dat begripe jim. Froulju binne nammentlik rjochte op relaasjes, op it yn de loft hâlden fan ferskillende ballen lykas wurk en gesin, it saneamde multy-tasken. En dat is fan alle tiden. Oant safier earder rolbefêstigjend as oars wat. Noch nuverder wie de opmerking dy’t op de website fan Jongbloed stie –mar der wilens ôf is- dat it net om in útjefte giet dy’t emansipaasje op it each hat, mar ien dy’t it brûken fan de Bibel stimulearret.

Is it miskien de Mammon dy’t by Jongbloed foar master opslacht? Men soe it hast tinke. Want takom jier ferskynt der by harren ek in Mannenbijbel. It rûs mei in blau omkaft en ôfbyldingen fan barbekjû’s en sportauto’s. Mar direkteur Anne Westerduin fan Jongbloed tinkt bygelyks ek al oan in Bibel foar autisten, omdat dy de symbolyk faak net út de ferhalen helje kinne. Ik sit jim hjir net foar te ligen, it binne har wurden. Sa besjoen is it in ordinêre yndustry, de Bibelyndustry. Jongbloed hat al in meide-, printe-, jongeren-, houliks-, en húsbibel yn it oanbod, mar der kin altyd mear by. Lykas blykt nei in rûntsje oer it ynternet. De metalbibel koe ik al, dy is my fakernôch oanbean wurden, mar der is ek in Bibel yn Gewone Taal, de Straatbijbel en de Sportbijbel. Bibels foar truckers, moterriders, plysjeminsken en sakelju. Der is sels in Groene Bijbel, dy’t de leauwigen wiist op duorsumens, en fansels printe is op papier fan recycle Bibels.

It wachtsjen is no op Bibels foar radiopresintatoaren fan moarnsprogramma’s, foar putsjeskeppers, badmasters, politisy en transgenders. Foar my as bûtensteander is it net te befetsjen. Marktwurking yn de Bibelyndustry, mei de Mammon as grutte oanjager. Mar as men it posityf besjen wol kin men sizze dat it Kristendom dêrmei evoluearret nei in foarm fan humanisme. Wat dat oangiet soe men winskje dat it mei de Koran, en de minsken dy’t dêryn leauwe, deselde kant útgiet."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)