Prinsjesdag mei Frysk tintsje

20 sep 2016 - 07:59
  • Prinsjesdei
  • Fryske hynsten yn de keninklike stallen

It is de tredde tiisdei fan septimber: Prinsjesdag yn Den Haag. De dei dat de kening yn de troanrede de regearingsplannen foar it kommende jier presintearret. Ek wurdt de ryksbegrutting bekendmakke mei de miljoenenota, de taljochting op it finansjele plaatsje. It publyk kin fierder sjen nei it keninklik pear yn de koets, de huodsjeparade en de balkonsêne.

Prinsjesdag hat dit jier in Frysk tintsje. De hynders dy't foar de koets rinne komme út Fryslân. Guon dêrfan binne de Fryske hynders út de stâl fan Jelmer Chardon út Jorwert en de stâl fan Peter van Veenen út Easterwâlde.

Spannende dei

Foar it earst wurdt op Prinsjesdag net de gouden koets brûkt, om't dizze in ûnderhâldsbeurt kriget. Dêrom ride se tiisdei yn in glêzen koets. De hynders fan Chardon binnen net samar keazen. "Der giet in hiel seleksjeproses oan foarôf. De hynders moatte superbraaf wêze. Dat haw je net samar", sa seit Chardon. It is in spannende dei foar sawol de hynders as foar Chardon sels. "Dat se yn dizze omstannichheden rinne moatte, dat is best pittich", fynt Chardon. Hy is der net by in Den Haag, mar sil de prestaasjes fan syn hynsten folgje op tv.

Moarnsbrochje

Tiisdeitemoarn komme de noardlike bestjoerders en Keamerleden yn it Escherpaleis yn Den Haag byinoar foar it tradisjonele moarnsbrochje. Dit is in netwurkbyienkomst foar Friezen, Grinslanners en Drinten foarôfgeand oan it Prinsjesdag-programma 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)